21/08/2014

It is in skûtsje!

Net al te lang lyn stiene wy as Fryske delegaasje fan disse optaes by enoar doet Yftinus een briljante ynjouwing krigge. “Bliksem Piebe, it is in skûtsje” seit er “ ik sis it dy, ik mei stjerre as’t net wier is!” Dat wie gouw beslikke, de grutte leaden segels van de droege woarsten wiisden al in bytsje yn e rjoching fan een skip út Noadlike streeken en in skipke mei sa’n moai folle kop en kont koe allinne ut Fryslân wei komme kinne. It dy Gerrit tinken oan it foarkommen fan Etsje fan Eelke. Wol, ik kin jo fertelle, net elsenien wie foartendaliks oertsjoege. Meinammen Prof. Fan Hoalk hy syn betinkings om’t er al in tiitsje net ûnder de yndruk útkomme koe dat disse optaes wol een hiel grutte Fryske ynfloed hie. Betiiden bin de helte fan de gravers fan Fryske komoaf en dat noaske him dochs net hielendal. Doet er oafrûnne freed yn e gaten krieg dat de negoasje fan dit skipke wol ris turf weze koe, mompele der dat ek allinne efkes tusken noas en lippen trog. Dat soe dochs ferjamme wol te folle op een skûtsje ut it heitelân wiize. Mar de weromtaes kaem disse wike, de konklusje is net te úntwiken, dit skipke hat turf as lading en wie sa dwaande grif in skûtsje ut de prachtig moaie sút-east hoeke fan it Fryske lân.


Och, jo begrype et wol. De hearen witenskippers sil der wol een oare draai oan jan, mar us oertsjoege se net mear. Nee, dit wy in Frysk skûtsje, der helpt neat oan. Mar, toen barre it. In famke út use haadstêd, ek wol Ljouwert naam, hie toch oare betinkingen. Se seach yn ien eagopslach dat er wat raars oan’e hân wie: de knibbels seagen der nogal raar út en de den wie wat oan’e heage kant. Dykstra wie it er wol mei iens: “it is bjusterbaarlik, mar it liket op in Laakster tjalk. Der wie us restoraasje en ierderwurkdeskundige Sytse (ek wol bekend as de broer fan Hylke) it net mei iens. “Potferjanhinnekont, it is in Lemsteraakje. Ik fjil it oan myn ierdewurk”. Fan Hoalk besyke om er yn mei te gjin, en kwam kompromie: it is in Mirnser Tjaak (dat leit tusken Laaksum en de Lemmer yn). Eindeliks wie de kûgel troch de tsjerke: in Mirnser Tjaak, dy hawwe noch net faak fûn.


Op dat ogenblik kwam er in núfere geit (ik tink dat it in besieker út Lelysted wie) it lân op rûn. Hy sei tsjin Fan Hoalk: “it siecht hjirre, binne jimme oan it hasseskrabjen of sa?” “Ach wol nee” sei Gerrit,  wylst er lekker stikje bôle mei nútsjessmoar nei binnen wurke. “We binne it mei elkoar iens wurden: it skipke is in Mirnser Tjaak en dat fâlt wer under de kategorie Skûtjses”. Om in lang ferhaal koart te meitsjen: it komt sa at it komt, lit de minsken mar rabje, bûter brea en griine tsiis, jawis it is in skûtsje.

Korte vertaling:

Niet zo lang geleden stonden wij als Friese delegatie van deze fantastische opgraving bij elkaar toen de weledelgeleerde Yftinus een gigantisch briljante ingeving kreeg. Het is een schuitje, dus we hebben hier te maken met schip. Gezien het type schip is het afkomstig uit Zuidlaren. Dat kwam goed overeen met het dierlijk botmateriaal dat aan boord is aangetroffen: boven- en onderbenen van een beer. 


4 comments:

  1. Interessant verhaal (ferhaal), maar sinds wanneer vervoeren skutsjes turf op het IJsselmeer?

    ReplyDelete
  2. Miskien kinne wij oan de hân fan in holle wol sjen at it mooglik in dwergmantsje wie...dat kin betekene dat it út Snits komt omdat dizze minsken traach von begryp wienen.

    ReplyDelete
  3. dus het is zoiets http://resources21.kb.nl/gvn/ZZM01/ZZM01_003985_U.jpg ?

    Jan-Paul

    ReplyDelete
  4. This comment has been removed by a blog administrator.

    ReplyDelete